Kaatsvereniging Us Keatsen

Geschiedenis

Earelid Jan Jonkman hommels ferstoarn

Moandei 13 maart ll kaam it berjocht dat ús earelid Jan Jonkman ferstoarn wie. It keatsen betsjutte in soad foar Jan en Jan betsjutte ek in soad foar it keatsen. Doe’t Jan en Geartsje nei harren trouwen yn Akkrum telâne kamen, rekke hy al gau by  ‘Us Keatsen’ belutsen. Yn 1974 kaam hy yn it bestjoer en yn 1981 waard hy foarsitter. Dat is hy oant 1994 bleaun. Dêrnei hat hy noch in soad grutte en lytse putsjes foar ‘Us Keatsen’ dien.  Wy neame de PR- en aktiviteitekommisje en de sealkeatskommisje mar wy dogge him dêrmei te koart want ek it begelieden en coachen fan ôfdielingspartoeren wie him op it liif skreaun. Syn lêste grutte klus wie it mei-gearstallen fan it jubileumboek ‘100 jier Us Keatsen’ dêr’t hy him mei hert en siel foar ynsetten hat. Jan wie grutsk op ‘Us Keatsen’; it wie sýn klup. It wie dan ek tige goed betocht om him yn 2015 earelid te meitsjen. It wie foar him in grutte eare om hjirmei yn it rychje fan Anne Sijbesma en Douwe Beimers te hearren. Hy hat der te koart fan genietsje kinnen, hy mocht mar 69 jier wurde. Wy ferlieze yn Jan in warbere keatsfreon dy’t wy net gau ferjitte sille. Wy winskje Geartsje, Richtsje en Sippie, Sytske en Jaap en Jan syn pakesizzers in protte sterkte ta

 

Ald-foarsitter en earelid Douwe Beimers ferstoarn 11/05/2013
Woansdei 8 maaie is nei in slepende sykte âld-foarsitter en earelid Douwe Beimers ferstoarn. Douwe, berne yn Aldebiltsyl en opgroeid yn Bitgum, kaam nei syn trouwen mei Tineke yn Akkrum te wenjen. Alle ridlik gau, yn 1978, kaam hy yn it bestjoer fan 'Us Keatsen'. Dat wie net ferwûnderlik; it keatsen wie Douwe yn Bitgum wol bybrocht. Dat er sels in goeie keatser wie blykt wol út it feit dat hy yn 1967 mei syn maten Meile Zijlstra en Henk Laanstra foar Bitgum de 'Freule' yn Wommels wûn. Douwe hat al mei al 25 jier yn it bestjoer fan 'Us Keatsen' sitten. De lêste 10 jier as foarsitter. Yn 2004 waard hy by syn ôfskie beneamd ta earelid fan 'Us Keatsen' en lid fan fertsjinste fan 'e KNKB. Douwe libbe foar it keatsen. Njonken it bestjoerswurk wie hy ek in protte op en út mei ôfdielingspartoeren. Mannich jong keatser út Akkrum hat in protte hân oan Douwe syn technyske en taktyske oanwizings. Ek hat hy de Akkrumer jeugd jierren efter elkoar treend. Rom in jier lyn waard by Douwe in slimme sykte fêststeld. Ek yn syn siikwêzen kaam hy noch geregeld op it keatsfjild om noch eefkes te genietsjen fan it moaie spultsje. It spul is no út. Douwe mocht mar 62 jier wurde. Wy winskje syn neisten in protte sterkte ta.  

 

Ald-sekretaris Klaas Reinalda ferstoarn (27/12/2012)
Snein 23 desimber is Klaas Reinalda nei in slimme sykte ferstoarn. Reinalda wie fan 1965 oant en mei 1994 aktyf as sekretaris fan ‘Us Keatsen’. Dêrnjonken hat er ek jierren in protte frije tiid stutsen yn ‘e  technyske kommisje fan de KNKB. As skoalmaster hat er benammen de jeugd fan ‘syn’ Juf Boeremaskoalle ynteressearre foar de keatssport en dat wie yn in doarp as Akkrum net fanselssprekkend. ‘Us Keatsen’ hat yn dy tiid in bloeiende perioade trochmakke mei in protte jeugdich talent dat rûnom yn Fryslân fuort gong te keatsen. Oan it lêst ta wie Klaas aktyf belutsen by ‘Us Keatsen’.  Njonken syn ‘bybaantsje’ as kassier fan ‘e sealkeatskommisje wie hy tegearre mei syn frou Tiny altyd presint as karmaster op KNKB-wedstriden yn Akkrum . Mei de lêste Generale fan ‘e frouljus PC yn Akkrum moast er ferstek gean litte omdat doe in slimme sykte him krekt oppenearre hie.  Klaas Reinalda is 73 jier wurden. Wy winskje syn frou en bern in protte sterkte ta.

 

Ruimtes 'Us Keatsen' in nieuwe school (1/12/2012) 
(aangeleverd door Age Groen) Komende maandag 3 december wordt de Brede School in Akkrum opgeleverd. Tevens wordt er door de Gemeente Boarnsterhim, Kinderopvang Friesland en Kaatsvereniging “Us Keasten” om de tafel gezeten om de laatste punten op de bekende “i” te zetten. In principe zijn we akkoord met de overeenkomst van gezamenlijk gebruik van de kantine en kleedgelegenheden. De laatste dingen zijn puur van organisatorische aard en betreft bijvoorbeeld: waar komen onze spullen in de kantine te staan, waar mogen wij onze bekers/medaillekast hangen enz.

Afgelopen vrijdag ben ik op uitnodiging van de gemeente en kinderopvang wezen kijken hoe nu alles in werkelijkheid er uit is komen te zien. Op zich een belevenis, aangezien we de afgelopen jaren alleen maar vanaf de tekeningen hebben kunnen praten. Nu begint de boel te leven. Bijgaand heb ik een aantal foto’s genomen van de kantine, kleedgelegenheid en de sportzaal. Helaas was het te donker om een foto vanuit de kantine richting het sportveld te maken. Ik kan jullie vertellen, dat ik erg tevreden ben over onze locatie t.o.v. het kaatsveld alsmede de ruimte in de kantine en kleedgelegenheden. Ik begrijp dat het voor sommige leden moeilijk is, dat er voor deze oplossing gekozen is mede doordat we geen baas in eigen huis meer zijn. Doch we zijn al jaren bezig om e.e.a. voor elkaar te krijgen en na het afketsen van de vorige Brede School ontwerp, hadden wij er een hard hoofd in of er überhaupt nog iets voor de kaatsclub werd gedaan. De gelegenheid werd geboden om tot samenwerking met de kinderopvang Friesland te Franeker te komen, betreffende het gebruik van een gezamenlijke locatie. Ook het opheffen van de Gemeente Boarnsterhim heeft er toe bijgedragen dat we het ijzer moesten smeden toen het heet was.

Ik, tezamen met het bestuur hopen dat we voor jullie een goede oplossing hebben gevonden voor onze accommodatie en dat we onze volledige aandacht weer op het beoefenen van onze sport kunnen richten.

 

Demonstratie Fryske Dei (11/08/2012)
Vorige week zaterdag, 3 augustus 2012, tijdens de Fryske Dei, gaven Johan Arendz, Maurice Brenkman, Edser Heida, Jelmer de Jong, Sander Oosterhaven, Bonny de Vries en Kathrien Zijlstra een kaatsdemonstratie in het dorp. Jan Jonkman voorzag de drie demonstratiewedstrijden van uitleg. Op deze manier konden ook toeristen kennismaken met onze sport.